Wapen fan Dronryp
It wapen fan Dronryp is it wapen fan it doarp Dronryp, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2013 registrearre.
Skiednis
bewurkje seksjeDronryp is ien fan de Fryske plakken wêrfan it âld oerlevere is. It wapen datearret út de 16e of 17e iuw. Yn 1690 wurdt it wapen omskreaun as: "Twee ossen Dronrijps wapen, een schieren mei een roodden, gekoppelt in 't Rijppe-rey". De oksen yn it wapen soen ferbân hâlde mei de stifting fan D' Alde Wite fan Dronryp. Men wist net wêr't se de tsjerke bouwe moesten, dêrom waarden twa oan mekoar bûn oksen loslitten. De tsjerke waard bouwt op it plak wêr't men de oksen de folgjende dei fûn.
-
In byld fan de "Rypster Oksen" yn it doarp.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Yn sulver twa oranje, nei inoar takearde oansjende oksen, oan inoar keppele troch in swarte keppelstôk oan in swart helter, steande op in griene skyldfoet,
De heraldyske kleuren binne: sulver, oranje en sinopel (grien).