West-Austraalje (Ingelsk: Western Australia) is ien fan 'e seis steaten fan Austraalje. It omfiemet likernôch it westlike trêdepart fan it lân, en rint fan it tropyske noarden alhiel oan 'e kust fan 'e Súdlike Oseaan ta. De haadstêd en teffens de grutste stêd is Perth. Mei 32,9% fan it nasjonaal grûngebiet is West-Austraalje fierwei it grutste Australyske gewest (it twadde, Queenslân, komt net fierder as 22,5%). Lykwols is it oergrutte part fan 'e steat mar hiel tin befolke. Neffens gegevens út 2013 hie West-Austraalje doe rom 2,5 miljoen ynwenners, wat delkomt op 10,9% fan 'e totale Australyske befolking.

West-Austraalje
Western Australia
flagge wapen
Latyn: Cygnis insignis ("Underskaat om swannen")
lokaasje yn Austraalje
algemien
ôfkoarting WA
lân Austraalje
status steat
haadstêd Perth
grutste stêd Perth
sifers
ynwennertal 2.517.200 (2013)
befolkingstichtens 1,0 / km²
oerflak 2.645.615 km² (ynkl. wetter)
2.529.875 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC +8
webside www.wa.gov.au

De etymology foar de namme fan West-Austraalje is gjin útlis brek. Oarspronklik hiet it gebiet de Swannerivierkoloanje (Swan River Colony), nei de Swannerivier, by Perth, dy't wer ferneamd wie nei de swarte swannen dy't dêr foarkamen. De swarte swan is noch altyd it symboal fan West-Austraalje, dat ek in prominint plak op 'e flagge fan 'e steat ynnimt. It min ofte mear ûnoffisjele biedwurd fan 'e steat is Cygnis insignis, wat in Latynske wurdspiling is dy't "Underskaat om swannen" betsjut.

 
De swarte swan is it symboal fan West-Austraalje.

West-Austraalje hat in oerflak fan 2.645.615 km², wêrfan't 2.529.875 km² út lân bestiet en 115.740 km² út wetter. Dêrmei is it fierwei it grutste Australyske gewest. De steat grinzget yn it súdeasten oan 'e steat Súd-Austraalje en yn it noardeasten oan it Noardlik Territoarium. De eastgrins fan 'e steat is in rjochte line dy't fan noard nei súd rint en persiis op 129° easterlingte leit. Yn it noarden en westen leit West-Austraalje oan 'e kust fan 'e Yndyske Oseaan, en yn it suden wurdt it beswette troch de Grutte Australyske Bocht, dy't (neffens Austraalje) ûnderdiel útmakket fan 'e Súdlike Oseaan (al klassifisearret de Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje it as in ûnderdiel fan 'e Yndyske Oseaan).

Oan 'e westkust lizze ferskate lytse of lytsige eilannen. De Kokoseilannen, dy't fier nei it noardwesten lizze, falle formeel ek ûnder West-Austraalje, mar foarmje feitliks in oerseesk gebietsdiel fan Austraalje. Fierwei it grutste diel fan 'e befolking fan 'e steat wennet oan 'e súdwestkust, dêr't stêden as Perth, Bunbury, Geraldton en Fremantle lizze. Dêr streame ek ferskate rivieren, en fierder it binnenlân yn lizze sels guon marren, dy't lykwols yn it drûge seizoen alhiel opdrûgje. De sintrale en súdlike parten fan it Westaustralyske binnenlân wurde behearske troch trije ûnderskate woastinen: fan noard nei súd de Grutte Sânwoastyn, de Gibsonwoastyn en de Grutte Fiktoariawoastyn. Oan 'e súdkust leit de Nullarborflakte, dy't justjes minder drûch is, en it noarden fan 'e steat wurdt foarme troch de woeste rotsheuvelkrite fan 'e Kimberley-regio, dy't tin befolke is, mar ryk oan dylchstoffen.

De earste minsklike bewenners fan West-Austraalje arrivearren nei alle gedachten tusken 60.000 en 40.000 jier lyn yn it gebiet fanút wat no it Noardlik Territoarium is, wêrnei't se út 'e Yndyske Arsjipel wei oerstutsen wiene. Dizze lânseigen befolking libbe al tûzenen jierren yn West-Austraalje doe't de earste Jeropeänen úteinlik yn 'e iere santjinde iuw opdagen.

 
De outback fan West-Austraalje.

De earste Jeropeaan dy't West-Austraalje oandie, wie de Nederlânske ûntdekkingsreizger Dirk Hartog, dy't op 25 oktober 1616 oan lân gie op wat no Dirk Hartogeilân hjit. Neitiid besochten oare Nederlânske en ek Britske seefarders de Australyske westkust, yn 'e regel by ûngelok, om't se troch minne navigaasje of stoarmen fan 'e koerts (nei East-Ynje) ôfrekken. Mear as oardel iuw gie foarby ear't men yn Jeropa leaude dat der wier-wier in grut súdlik kontinint bestie. Pas oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw setten Britske en Frânske ûntdekkingsreizgers útein mei de doelbewuste ferkenning fan 'e Westaustralyske kust.

 
In loftfoto fan 'e haven fan Fremantle.

De oarsprong fan 'e hjoeddeistige steat West-Austraalje giet werom op 'e stifting, yn 1826, fan in strafkoloanje oan 'e Australyske westkust fanút 'e eardere koloanje Nij-Súd-Wales, oan 'e eastkust fan it kontinint. Net dat de Britten sa'n ferlet hiene fan in nije strafkoloanje, mar se wiene bang dat de Frânsen de kolonisaasje fan West-Austraalje foar har rekken nimme soene as se it sels net diene. Dizze ierste delsetting ûntjoech him letter ta de stêd Albany.

Yn 1829 waard troch kaptein James Stirling de Swannerivierkoloanje stifte, dy't him letter ûntjaan soe ta de stêden Perth en Fremantle. York, dat yn 1831 97 km beëasten Perth stifte waard, wie it earste plak yn it binnenlân, en foarme de springplanke foar ferskate Britske ferkenningstochten, wêrûnder dy wêrby't de goudfjilden fan Kalgoorlie ûntdutsen waarden. Yn 1831 waarden de strafkoloanje fan Albany en de Swannerivierkoloanje gearfoege ta ien bestjoerlike entiteit, en yn 1832, doe't der sa'n 1.500 ynwenners wiene, krige dy de namme fan West-Austraalje.

De befolkingsgroei gie tige tuike-oan, oant der yn Kalgoorlie yn 'e 1890-er jierren in goudkoarts útbriek. Yn 1887 waard der foar de koloanje in grûnwet opsteld, en yn 1890 krigen de Jeropeeske kolonisten in beskate mjitte fan selsbestjoer taparte. Yn 1896 joech it Westaustralyske parlemint tastimming foar it oangean fan in liening om in wetterpiiplieding nei de koarkdrûge goudfjilden fan Kalgoorlie oan te lizzen. Dit saneamde Goldfields Water Supply Scheme kaam ree yn 1903, en wurdt troch hjoeddeiske histoarisy sjoen as in wichtige faktor yn it oanjeien fan 'e ekonomyske woltier en de befolkingsgroei fan West-Austraalje.

 
De skyline fan Perth, de haadstêd fan West-Austraalje.

It is ynteressant om op te merken dat West-Austraalje, dat troch ûnbidige woastinen skaat waard fan 'e oare Britske koloanjes op it kontinint, en dat him dêr sadwaande wakker los fan seach, net belutsen wie by de earste besprekkings oer de foarming fan in Australyske federaasje, wylst Nij-Seelân dêr krekt wol yn behelle wie. Uteinlik, lykwols, bleau Nij-Seelân apart, wylst West-Austraalje by in referindum just foar tatreding ta de federaasje stimde, en sadwaande op 1 jannewaris 1901 in Australyske steat waard. Lykwols wiene de oarspronklike Westaustralyske kolonisten oer it algemien tsjin 'e oansluting by de federaasje; it wiene de nijynkommelingen út eastlik Austraalje, dy't koartby op 'e goudfynsten ôfkommen wiene, dy't foàr tatreding stimden. Dat late hast noch ta in skuorring yn 'e koloanje, mei't omtinken jûn waard oan 'e mooglikheid om 'e goudfjilden fan West-Austraalje ûnder de namme Auraalje by de federaasje te foegjen, wylst de rest fan it gebiet selsstannich bliuwe soe.

Hoewol't dat net trochgie, en West-Austraalje dus yn syn gehiel by Austraalje kaam, hat ôfskieding sûnt altiten in hjit hingizer yn 'e Westaustralyske polityk west. Yn 1933 waard der sels in referindum oer ûnôfhinklikheid holden, wêrby't 68% fan 'e Westaustraliërs foar ôfskieding fan 'e rest fan it lân stimde. Soks hie yn dy tiid lykwols noch goedkarring fan it Britske regear en de Kroan nedich, en Londen makke daliks dúdlik dat der gjin sprake fan wêze koe dat West-Austraalje in selsstannich lân wurde soe. Dy lytsachting fan it selsbeskikkingsrjocht kin yn West-Austraalje tsjintwurdich de hollen noch altyd wol hjit krije.

West-Austraalje hat in twakeamerich steatsparlemint mei in Wetjaande Gearkomste (Legislative Assembly) of legerhûs fan 59 sitten en in Wetjaande Rie (Legislative Council) of hegerhûs fan 36 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (constituency), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as yn Grut-Brittanje). West-Austraalje hat algemien stimrjocht en der is teffens stimplicht fan krêft. De steat wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint.

 
It Government House, yn Perth, de sit fan it regear fan West-Austraalje.

It steatsregear hat sizzenskip oer alle saken dy't ûnder de Australyske grûnwet net spesifyk oan it federale regear tawiisd binne, en steatsrjochtlik is it foar it federale regear tige dreech om yn Westaustralyske saken yn te gripen. Lykwols wurdt der dochs in frij grutte ynfloed útoefene op 'e gong fan saken yn 'e steat, om't it ynjen fan belestings en de ferdieling fan it ine belestingjild oer de ûnderskate steaten en territoaria in federaal foech is, en it federale regear dus de hân op 'e knip hâlde kin as it steatsregear wat dwaan soe dat der alhiel by troch wie. Yn it federale Australyske parlemint yn Canberra wurdt West-Austraalje yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 12 fan 76 sitten (15,8%), en yn it Hûs fan Offurdigen troch 15 fan 150 sitten (10%).

West-Austraalje hat in bruto steatsprodukt (fan Au$102.232) dat heger is as dat fan hokker oar Australysk gewest ek. De steat produsearret 46% fan alle Australyske eksportguod, en it is de op ien nei grutste izerertsprodusint fan 'e wrâld, mei 15% fan 'e jierlikse wrâldproduksje. De ekonomy fan 'e steat stipet yn hege mjitte op 'e mynbou. Behalven izer wurde der goud, diamanten, bauksyt, nikkel, stienkoal en ierdoalje út 'e grûn helle. Njonken sokke dylchstoffen eksportearret West-Austraalje ek aluminium, weet, wol, lammefleis en libbene skiep en kij.

 
In goudmyn by Kalgoorlie.

Yn it binnenlân, de outback, sa't men it yn Austraalje neamt, is de lânbou noch tige wichtich. Dêrby giet it fral om skieppehâlderij, mar ek om it ferbouwen fan weet, koarn en earten. Ek steane beskate dielen fan West-Austraalje bekend om 'e wynproduksje, wylst der by de kust lâns oan fiskerij dien wurdt op kreeft, krabbe, garnalen, tonyn en haaien. De walfiskfeart brocht yn it ferline ek frijwat jild yn 't laadsje, mar dêr waard yn 1978 it near op lein. Fierders is de tsjinstesektor fan belang, benammen op it mêd fan 'e finansjele tsjinsten (it bank- en fersekeringswêzen en de ûnreplik-goedmerk). De lêste fearnsiuw is ek it toerisme tige wichtich wurden, mei besikers dy't fral ôfkomstich binne út 'e Grut-Brittanje en Ierlân (28%); oare Jeropeeske lannen (14%); Singapoer (16%); Japan (10%) en Maleizje (8%).

Neffens gegevens út 2013 hie West-Austraalje doe 2.517.200 ynwenners, mei in befolkingstichtens fan 1,0 minsken de km². Fan dy befolking wennet 92% yn 'e súdwestlike hoeke fan 'e steat. Perth wie yn 2007 mei krapoan 1,6 miljoen ynwenners fierwei de grutste stêd fan West-Austraalje. De twadde stêd wie Mandurah, mei mar 79.000 ywenners, folge troch Bunbury, Geraldton, Kalgoorlie, Fremantle (ek wol as in diel fan Perth beskôge) en Albany, allegear mei mear as 20.000 ywenners. Broome, de haadstêd fan 'e Kimberley, hat krapoan 15.000 ynwenners.

 
In strân yn West-Austraalje.

Neffens gegevens fan 'e Australyske folkstelling fan 2001 is 77,5% fan Westaustralyske befolking fan Jeropeesk komôf, mei as grutste etnyske groep de Ingelsen (32,7%), folge troch de Angelsaksyske Australiërs (27,8%), Ieren (7,6%), Italjanen (4,3%), Skotten (2,8%) en Dútsers (2,3%). Ek libje der in protte Kroäten en Masedoaniërs, dy't har der, yn 'e mande mei de Italjanen, fral drekt nei de Twadde Wrâldoarloch nei wenjen set hawwe. De grutste net-Westerske befolkingsgroep waard foarme troch de Sinezen (2,2%). De Australyske Aboriginals foarmen 3,1% fan 'e befolking. Fan alle ynwenners bestie 27,1% út ymmigranten.

Oan 'e tichtbefolke súdwestkust fan West-Austraalje hearsket in Mediterraan klimaat. Dit diel fan 'e steat wie oarspronklik swier beboske, û.m. mei karribeammen, ien fan 'e heechste beammesoarten fan 'e wrâld. De biodiversiteit is yn dizze krite heger as op 'e measte oare plakken op 'e wrâld, en troch de waarme Leeuwinstream, yn 'e Yndyske Oseaan, bestiet der yn see njonken it súdlikste koraalrif fan 'e wrâld ek in grut ferskaat oan biste- en plantelibben.

It middelste twatrêde part fan 'e steat hat in steppeklimaat of, fierder it binnenlân yn, in woastynklimaat. De jierlikse delslachhoemannichten yn dat gebiet binne minder as 300 mm, en wat der falt, komt yn 'e regel yn 'e foarm fan sporadyske stjalpreinbuien omleech, en spielt dan fuort sûnder dat it lân der folle oan hat. It noarden fan West-Austraalje leit yn 'e tropen. De Kimberley hat in útsûnderlik hjit tropysk klimaat mei seizoenale moessonreinen, dy't útinoar rinne fan 500 oant 1.500 mm it jier. Sniefal komt yn West-Austraalje mar selden foar, en dan noch hast inkeld yn 'e Stirlingbergen, by Albany, yn it uterste suden. Rekôrtemperatueren yn 'e steat wiene 50,5 °C op 19 febrewaris 1998 te Mardie Station, en –7,2 °C op 17 augustus 2008 by it Eyre Fûgelobservatoarium.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


 
              Austraalje
 
steaten
Fiktoaria • Nij-Súd-Wales • Queenslân • Súd-Austraalje • Tasmaanje • West-Austraalje
territoaria
Australysk Haadstedsk Territoarium • Jervis Bay Territoarium • Noardlik Territoarium
eksterne territoaria
Ashmore- en Cartiereilannen • Australysk Antarktysk Territoarium • Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen - Krysteilân) • Heard en de McDonaldeilannen • Koraalsee-eilannen • Norfolk
oare eksterne gebietsdielen
Lord Howe • Macquarie • Torresstrjitte-eilannen
  ·   ·  
  NODES
mac 1
Note 1
os 12
web 1