Westerlauwerske Friezen

De Westerlauwerske Friezen, yn 'e Nederlânske kontekst ornaris koartwei Friezen neamd, binne in folk dat lânseigen is oan 'e súdlike Noardseekust, benammen yn 'e nei harren ferneamde Nederlânske provinsje Fryslân, in gebiet dat ek wol Westerlauwersk Fryslân neamd wurdt. Hja binne fan oarsprong nau besibbe mei de Fryske folksgroepen yn Dútslân (Eastfriezen, Noardfriezen en oaren), mar ek mei de bewenners fan 'e Grinzer Ommelannen en de Kop fan Noard-Hollân. Histoarysk hiene de Westerlauwerske Friezen in folslein eigen bestjoersfoarm ûnder de Fryske Frijheid, dy't lykwols yn 1498 ferlern gie. It politike selsbestjoer waard harren oan it begjin fan 'e Frânske Tiid ûntnadere en letter ûnder it Keninkryk fan de Nederlannen net mear weromjûn. Hjoed de dei ûnderskiede de Westerlauwerske Friezen har fan 'e omwenjende Nederlanners en Nedersaksers troch har eigen taalfoarmen (it Westerlauwersk Frysk en de Stedske dialekten) en har eigen kultuer.

Westerlauwerske Friezen

Ferneamde Westerlauwerske Friezen. Bopp. rige f.l.n.rj.: Rintsje Ritsma, kening Redbad, Obe Postma, Hilda van der Meulen, Pieter Verhoeff; 2e rige: Gysbert Japiks, Jelle Zijlstra, Atsje Keulen-Deelstra, Eise Eisinga, Rients Gratama; 3e rige: Abe Lenstra, Grutte Pier, Doutzen Kroes, Minne Simens, Epke Zonderland; 4e rige: Mata Hari, Joast Hiddes Halbertsma, Pieter Sjoerds Gerbrandy, Mirjam Timmer, Titus Brandsma; 5e rige: Lourens Alma-Tadema, Foppe de Haan, Monique Sluyter, Tsjerk Hiddes de Vries, Fedde Schurer.
flagge
populaasje
oantal 645.000 (2004)
taal Frysk, Stedsk
godstsjinst kristendom, agnostisisme,
ateïsme
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid Nederlân
fersprieding
Nederlân: 545.000
Fryslân: 387.000²
Grinslân (lânseigen):     3.000²
om utens: 155.000¹
Kanada:   30.000¹
Feriene Steaten:   25.000¹
Austraalje:   17.000¹
Nij-Seelân:   12.000¹
rest fan 'e wrâld:   16.000¹
¹) dit binne gjin hurde sifers, mar skattings
²) Frysk- en Stedsktaligen

De namme 'Westerlauwerske Friezen' ferwiist nei de Friezen dy't oan 'e westkant wenje fan 'e Lauwers, it grinsrivierke mei de Nederlânske provinsje Grinslân. Hoewol't de leden fan dizze etnyske groep harsels yn 'e regel simpelwei omskriuwe as 'Friezen', is de tafoeging 'Westerlauwersk' nedich om har te ûnderskieden fan 'e oare Fryske folksgroepen, lykas de Eastfriezen en de Noardfriezen. Bûten Nederlân wurde de Westerlauwerske Friezen om dy reden ornaris oantsjut as 'Westfriezen', mar dy term ferwiist yn Nederlânsk ferbân nei de bewenners fan West-Fryslân, in lânstreek dy't westlik fan Westerlauwersk Fryslân yn 'e provinsje Noard-Hollân leit.

Etnyske besibskip

bewurkje seksje

De Westerlauwerske Friezen binne etnysk sjoen ien fan 'e útsprantels fan 'e oarspronklike Friezen, en sadwaande binne se nau besibbe oan 'e Fryske folksgroepen yn Dútslân. De wichtichsten dêrfan binne de Eastfriezen, dy't fuort oare kant de Nederlânske eastgrins oan 'e súdlike Noardseekust wenje yn 'e lânstreek East-Fryslân, yn 'e dielsteat Nedersaksen; en de Noardfriezen, dy't besuden de Deenske grins oan 'e eastlike Noardseekust wenje yn 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein. Lytsere groepen, dy't faak oer de holle sjoen of mei de Eastfriezen, resp. Noardfriezen lykslein wurde, binne de Sealterfriezen, út it Sealterlân, súdlik fan East-Fryslân, de Bûtjadinger Friezen en Woerstfriezen út gebieten dy't eastlik fan it eigentlike East-Fryslân lizze, en de Hilgelanners fan it eilân Hilgelân, dat midden yn 'e Dútske Bocht leit.

 
It wengebiet fan 'e Westerlau-werske Friezen yn Nederlân.

Binnen Nederlân stamje ek de bewenners fan 'e Grinzer Ommelannen en de Kop fan Noard-Hollân foar it meastepart fan 'e Friezen ôf, hoewol net fan 'e Westerlauwerske Friezen. De Westfriezen út Noard-Hollân wennen westlik fan it Fly, dat krekt as de Lauwers fan âlds in skieding tusken de Fryske gebieten foarme. De Grinslanners, dy't har folslein fan harren Fryske erfskip ôfkeard hawwe, stamje ôf fan 'e Easterlauwerske Friezen, en hiene útsoarte mear gemien mei de Eastfriezen. Yn in breder ramt besjoen, wiene de Westerlauwerske Friezen fan oarsprong ek frij nau besibbe oan 'e oare Noardwestgermaanske folken, te witten de Ingelsen en de leechlânske Skotten. In bytsje minder nau mei harren besibbe binne de Nedersaksers en noch wat minder nau besibbe binne groepen as de Nederlanners, Flamingen, Afrikaners en Dútsers.

De Fryske Frijheid

bewurkje seksje

De Westerlauwerske Friezen ûntjoegen har ûnder de Midsiuwen ta in etnyske groep dy't los stie fan 'e oare Fryske folksgroepen. Dat begûn mei de ferovering fan Westerlauwersk Fryslân troch de Franken yn 734, dy't de oanset joech ta grutte feroarings. Yn it foarste plak waarden de oant dy tiid heidenske Friezen doe ta it kristendom bekeard. Der waarden tsjerken boud en kleasters stifte en de mûntsen dy't dêr wennen, begûnen mei de oanlis fan 'e seediken. De Fryske hannel florearre yn dy tiid, mar de rykdom dy't dat brocht, makke dat Westerlauwersk Fryslân gauris it slachtoffer waard fan ynfallen fan 'e Wytsingen.

 
It monumint foar de Slach by Warns.

Trochdat de Franken de hiele Fryske hegere adel útrûge of ferdreaun hiene, bestie der yn Westerlauwersk Fryslân gjin lânshearlik gesach mear en kaam it lienstelsel, sa't dat him yn 'e rest fan Jeropa ûntjoech, yn 'e Fryske gebieten nea fan 'e grûn. Om't de Frankyske keningen, en letter harren erfgenamten, de keizers fan it Hillige Roomske Ryk, harren net om 'e Fryske gebieten bekroaden, koe him dêr in steatsfoarm ûntwikkelje dy't bekend wurden is as de Fryske Frijheid. Dat hold yn dat der gjin lânshear (in greve of hartoch of sokssawat) oan it haad fan 'e steat stie, hoewol't it gesach fan 'e keizer, yn it fiere Dútslân, yn namme wol erkend waard. Dy "Frijheid" betsjutte trouwens net dat elkenien frij wie yn 'e sin sa't dat tsjintwurdich faak opfette wurdt. Inkeld de adel en de eigenerfde boerestân, dy't yn 'e Fryske gebieten troch it ûntbrekken fan it lienstelsel yninoar oerrûnen, wiene wier frij. Fan bûtenôf wie der in protte krityk op dizze sitewaasje, want it waard sjoen as ûnkristlik; elts moast ommers in hear boppe him hawwe, dat wie de wil fan God.

De Fryske gebieten organisearren harren yn in grut tal ôfsûnderlike republykjes, ek wol terrae neamd. Dy hiene te krijen mei oanfallen fan twa kanten: fan bûtenôf en fan binnenút. As reäksje dêrop besochten se har oant twaris ta om 'e nocht te ferienjen yn it bekende ferbûn fan 'e Upstalsbeam. Wat de oanfallen fan bûtenôf oanbelangen, dy kamen yn it gefal fan Westerlauwersk Fryslân benammen fan 'e greven fan Hollân, dy't oanspraak makken op it hiele Fryske gebiet. Yn 1289 hie greve Floaris V de Westfriezen ûnderwurpen en de Hollânske hearskippij útwreide oan it Fly ta. Fan dy tiid ôf bedrigen syn opfolgers Westerlauwersk Fryslân. Yn 1345 stiek greve Willem IV mei in ridderleger de Sudersee oer en gie yn 'e neite fan Starum oan lân. Dêr waard er opfongen troch de Friezen en yn it dêropfolgjende treffen waard syn leger útinoarslein en kaam de dryste greve sels om. Hoewol't dit barren de skiednis yngien is as de Slach by Warns, fûn it eins in pear km noardwestliker plak en hie de oantsjutting "Slach by Starum" in tapasliker namme west.

 
De Fryske terrae yn 'e Midsiuwen.

Nei in hieltyd op 'e nij ferlinge wapenstilstân fan mear as fyftich jier lâne yn 1396 de Hollânske greve Albrecht fan Beieren mei in grut leger by de Kúnder. Der fûn in treffen plak, dat letter de namme fan 'e Slach by Skoattersyl krigen hat, hoewol't dy namme doedestiden noch net bestie. Dêrby waarden de Friezen, dy't yn dy striid oanfierd waarden troch de ealman Juw Juwinga, ferslein, mar dy oerwinning brocht Albrecht fierders gjin terreinwinst, sadat de Hollanners in pear dagen letter wer skipgiene nei hûs. Yn 1397 en 1399 waarden der op 'e nij fjildtochten tsjin 'e Westerlauwerske Friezen holden, dy't ek net in protte opsmieten en allinne de stêd Starum yn Hollânske hannen brochten. Nei mislearre belegerings yn 1400 en 1401 en ferskate wapenstilstannen wisten de Friezen yn 1411 Starum te befrijen en wie it hielendal dien mei de macht fan 'e Hollânske greven yn Westerlauwersk Fryslân.

In folle wichtiger bedriging foar de Fryske frijheid waard lykwols foarme troch de boargeroarloch dy't Westerlauwersk Fryslân tusken rûchwei 1350 en 1498 yn 'e besnijing hold. Om 1350 hinne ûntstie der nammentlik krisis yn Fryslân, mei't in útbraak fan 'e pest der doe foar in grutte weromgong yn 'e befolking en in slimme resesje fan 'e ekonomy soarge. Dat sette in tal frij yngeande maatskiplike feroarings yn gong. Fierwei de wichtichste dêrfan wie de opkomst fan in stân fan saneamde haadlingen, dy't ôfkomstich wiene út sawol de adel as de frije boeren en dy't elk yn in doarp de macht griepen. Yn 'e folgjende heale iuw stelden eins alle oare ynwenners fan Westerlauwersk Fryslân har ûnder de beskerming fan sokke haadlingen, sadat dy stadichoan it hiele gebiet yn 'e hannen krigen. It wie fansels net te fermijen dat se mei-inoar deilis rekken oer gebietsoanspraken en ûnderling koälysjes foarmen om sterker te stean yn sokke konflikten. De rike kleasters waarden meilutsen yn 'e waansin en machten fan bûtenôf, de greven fan Hollân en de stêd Grins foarop, stokelen de striid fierder oan. Dizze striid tusken de Skieringers en de Fetkeapers, of de 'duvelske partijskippen', sa't se ek wol neamd waarden, fierde hiel Westerlauwersk Fryslân hast oardel iuw mei yn in spiraal fan geweld dêr't net út te kommen wie.

 
It segel fan it Ferbûn fan 'e Upstalsbeam.

In ein oan 'e frijheid

bewurkje seksje

Oan 'e ein fan 'e fyftjinde iuw wiene de Westerlauwerske Friezen inoar al jierren oanien op it libben gien, en hiene dêrmei harren krêften foar in grut part ferspile. Sa koe it, dat 1498 in Dútsk aventoersman, hartoch Albrecht fan Saksen, sûnder in protte swierrichheden hiel Westerlauwersk Fryslân wist te feroverjen. Dy Albrecht fan Saksen wie derby helle troch de Skieringers, krekt doe't de Fetkeapers mei stipe fan 'e stêd Grins op it punt stiene en besljochtsje de striid foargoed yn harren foardiel. Mar al rillegau krigen de Skieringers troch dat se it Hynder fan Troaje binnenhelle hiene. Want Albrecht wist fan 'e Dútske keizer dien te krijen dat dy him hear ("potestaat") fan Westerlauwersk Fryslân makke.

 
Hartoch Albrecht fan Saksen.

Al yn 1500 briek der in opstân út, mar dy waard mei gauwens delslein. Nei de ûnthalzing fan guon haadlingen kaam it yn 1512 wer ta in oproer. De Saksers stjoerden doe in binde lossleine hierlingen, dy't bekend wurden is as de Swarte Heap, nei Fryslân ta om it ferset de kop yn te drukken, mar it spoar fan dea en ferdjer dat dy efter harren lieten, hie in tsjinsteld effekt. Under lieding fan Pier Gerlofs Doania, better bekend as Grutte Pier, in boer út Kimswert, en Janko Douwama, in Skieringer haadling út Aldeboarn, en mei stipe fan Karel fan Egmont, de hartoch fan Gelre, holden de Friezen it langer út as de Saksers. Yn 1515 rekke de Saksyske skatkiste leech en wie Joaris mei it Burd, de soan fan Albrecht fan Saksen, needsake om Fryslân oer te dwaan oan 'e greve fan Hollân, dat doe de Habsburger Karel V wie, dy't letter ek keizer fan Dútslân en kening fan Spanje wurde soe. Pas yn 1524 joegen de Westerlauwerske Friezen lykwols úteinlik harren ferset op en erkenden se Karel V as hear fan Fryslân.

De Saksysk-Habsburchske Tiid brocht in protte feroarings yn Westerlauwersk Fryslân. Sa waarden de rjochters net langer keazen, mar oansteld troch de lânshear. Fierders waard it Fryske rjocht ôfskaft en ek kamen der in protte bûtenlanners yn it lân om as amtners foar it nije regear te wurkjen. Oer it algemien kaam it derop del, dat Fryslân, foar safier't dat mooglik wie, lykskeakele waard mei de oare Nederlânske gewesten.

 
Earste side fan it Plakkaat fan Ferlitting.

Yn 1555 giene de Nederlannen, en dêrmei Westerlauwersk Fryslân, oer yn 'e hannen fan Filips II, de soan fan Karel V, dy't kening fan Spanje wie. Om in ferskaat oan redens, mar fral de ekonomyske delgong en it dêrmei ferbânhâldende oanboazjen fan 'e earmoede, ferset tsjin Filips syn sintralisaasjepolityk en wearze oer de bienhurde ferfolging fan 'e kalvinistyske ketters, briek yn 1568 de Nederlânske Opstân út, dy't útmûne yn 'e Tachtichjierrige Oarloch. Dêrby wisten de Nederlânske rebellen, ûnder lieding fan Willem fan Oranje, nei yn 't earstoan in tal swiere nederlagen lit te hawwen, de Spaanske troepen út in grut part fan 'e noardlike Nederlannen, wêrûnder Westerlauwersk Fryslân, te ferdriuwen. Yn 1581 waard Filips II ôfsward as kening en yn 1585 ferklearre de Republyk fan 'e Feriene Provinsjes him ûnôfhinklik. Om't der nei 1581 gjin lânshear mear wie, soe men úthâlde kinne der doe yn Westerlauwersk Fryslân in nije perioade fan Fryske Frijheid oanbriek.

Fryslân yn 'e Republyk

bewurkje seksje

De Uny fan Utert, in militêr bûnsgenoatskip fan sân Noardnederlânske gewesten en it lânskip Drinte, dat sletten wie yn 1579, foarme de basis fan 'e Republyk. Dêryn waard neat regele oer in mienskiplike steatshúshâlding, en sadwaande wiene alle gewesten, wêrûnder Westerlauwersk Fryslân, mear as twahûndert jier lang yn prinsipe soevereine lannen, dy't regearre waarden troch de eigen Gewestlike Steaten en allinnich definsje, finânsjes en bûtenlânske saken mei-inoar regelen, mei in fetorjocht foar elts gewest.

 
It stânbyld fan Willem Loadewyk yn Ljouwert.

De steedhâlders, dy't oan it haad fan it deistich bestjoer fan 'e gewesten stiene, waarden, fral troch bûtenlanners, faak beskôge as de Nederlânske fariant op in lânshear, mar dat wiene se net. Oarspronklik hiene se it behear oer de ferskillende gewesten fersoarge foar de kening, mar no't der gjin kening mear wie, tsjinnen se de Gewestlike Steaten, yn it foarste plak as legeroanfierder. Hoewol't de Hollânske steedhâlders, lykas Willem fan Oranje en dy syn soannen Maurits en Freark Hindrik, folle bekender binne, hie Fryslân syn eigen steedhâldersdynasty, dy't ôfstamme fan Jan de Alde fan Nassau, in jongere broer fan Willem fan Oranje.

De earste fan dy Fryske steedhâlders wie daliks ek de bekendste, Willem Loadewyk, dy't yn Westerlauwersk Fryslân bekend bleaun is as "Us Heit" en fan wa't noch in stânbyld yn Ljouwert stiet. Hy waard yn 1584 steedhâlder en wie by syn libben lang net sa populêr as neitiid. Dat kaam fral troch syn faak pragmatysk pro-Hollânske opfettings, dy't him oan 'e ein fan 'e sechstjinde iuw frontaal yn botsing brochten mei in groep Frysk-nasjonale eallju, dy't nei harren foaroanman jonker Karel Roorda de roardisten neamd waarden.

Willem Loadewyk waard nei syn dea yn 1620 opfolge troch syn broer Ernst Kasimir. Yn 1702, nei't Freark Hindrik syn pakesizzer Willem III sûnder neiteam stoar, gie de namme Oranje-Nassau en it steedhâlderskip fan 'e alle gewesten oer op Jehan Willem Friso, de oerpakesizzer fan Ernst Kasimir. Kening Willem-Alexander en it hiele Nederlânske keningshûs stamje dus net fan 'e Hollânske, mar fan 'e Fryske steedhâlders ôf.

 
It Keninkryk Hollân.

Yn it lêste desennium fan 'e sechstjinde en it grutste part fan 'e santjinde iuw, bekend as de Gouden Iuw, wie de Republyk ien fan 'e machtichste lannen fan Jeropa. Yn 1648 moast Spanje by de Frede fan Meunster einlings belies jaan en kaam de Tachtichjierrige Oarloch ta in ein. Letter waarden der noch ferskate oarloggen mei de Ingelsen en de Frânsen útfochten. Benammen it Rampjier 1672 is dêrby bekend bleaun, doe't de Republyk fan trije kanten oanfallen waard troch Frankryk, Ingelân, Keulen en Meunster. Westerlauwersk Fryslân waard doe mei súkses tsjin 'e Meunstersen ferdigene troch Hâns Willem baron van Aylva.

Fan 'e ein fan 'e santjinde iuw ôf rekke de macht fan 'e Republyk lykwols yn it neigean. Troch korrupsje en ekonomyske delgong rekke it lân sa yn ferfal dat Frânske troepen ûnder generaal Jean-Charles Pichegru it by de Bataafske Revolúsje fan 1795 sûnder in protte muoite feroverje koene. Efterinoar kaam Westerlauwersk Fryslân tusken 1795 en 1813 by de Bataafske Republyk (1795), it Keninkryk Hollân (1806) en it Keizerryk Frankryk (1810) te hearren. Yn 1813 kaam der mei de ferdriuwing fan 'e Frânsen in ein oan 'e Frânske Tiid. Dêrop waard it Keninkryk fan 'e Nederlannen foarme ûnder it regear fan kening Willem I, de oerpakesizzer fan Jehan Willem Friso.

 
Joast Hiddes Halbertsma, ien fan 'e Bruorren Halbertsma, dy't mei harren Rimen en Teltsjes it Westerlauwersk Frysk as skriuwtaal nij libben ynbliezen.

Yn 'e Nederlânske ienheidssteat

bewurkje seksje

Mei de foarming fan it keninkryk kaam der net, sa't guon woene, in weromkear nei de steatsynrjochting fan 'e âlde Republyk. Krektoarsom, men gie fierder op 'e wei dy't yn 'e Frânske Tiid ynslein wie, dat it nije keninkryk waard in ienheidssteat, mei net mear as beheind foech foar de Provinsjale Steaten. Troch de ynset fan 'e ynfloedrike jonker Idsert Aebinga van Humalda naam Westerlauwersk Fryslân datoangeande oant 1825 noch in útsûnderingsposysje yn, mar dêrnei waard ek Fryslân lykskeakele mei de oare provinsjes.

Yn 'e njoggentjinde iuw feroare der gâns wat foar de Westerlauwerske Friezen. Sa waarden der bettere seediken en fierders strjitwegen, spoarlinen en kanalen oanlein. Yn it súdeasten waard it feansomplân drûchlein en plakken as it Hearrenfean en Drachten begûnen har te ûntjaan. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw kaam fierders it sosjalisme op, dat yn Westerlauwersk Fryslân tige sterk libbe, mei foaroanlju as Ferdinand Domela Nieuwenhuis, dy't yn 'e earme feangebieten bekendstie as "Us Ferlosser", en Piter Jelles Troelstra, de oprjochter en lieder fan 'e SDAP, de foarrinner fan 'e moderne sosjaal-demokratyske politike partij PvdA.

 
Ringriden yn Ljussens.

Yn 'e tweintichste iuw setten de nije ûntwikkelings fierder troch, mei û.m. de oanlis fan 'e Ofslútdyk, yn 1932, dy't foar in fêste ferbining mei Noard-Hollân soarge en fan 'e Sudersee de Iselmar makke. De nije tiid brocht de Westerlauwerske Friezen gruttere wolfeart, hoewol't der ek tige meagere snuorjes wiene, lykas de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren en de besettingstiid fan 'e Twadde Wrâldoarloch. Under dy oarloch besochten de Dútsers ferskate kearen om mei pro-Fryske maatregels de Westerlauwerske Friezen oan harren kant te krijen. Mar útsein in tige lytse minderheid wegere de Fryske Beweging om "oarlochswinst" te meitsjen.

Nei ôfrin fan 'e oarloch late de wegering fan 'e Nederlânske autoriteiten om lykfol hokker konsesjes te dwaan oan 'e winsken fan 'e Westerlauwersk Fryske minderheid ta in taalstriid. Mei grutte lulkens en stutsenens waard troch de Friezen kennis nommen fan 'e gefallen fan 'e molktapers Wiebe van der Hoek en Jeen de Leeuw en fan 'e bistedokter Sjirk Frânses van der Burg, dy't troch de rjochter misledige waarden om't se yn 'e rjochtseal harren eigen taal sprekke woene. De sjoernalist en dichter Fedde Schurer skreau dêr in artikel oer yn 'e Hearrenfeanster Koerier, wêryn't er de oangeande rjochter ferlike mei de Swarte Heap, út 'e Saksyske Tiid. Dêrop waard er beskuldige fan kwealaster en moast er himsels foar de rjochtbank ferantwurdzje. De deis fan syn berjochting, 16 novimber 1951, briek der troch ûnnedich hurdhannich yngripen fan 'e plysje op it Saailân yn Ljouwert in opskuor út dy't de skiednis yngien is Kneppelfreed, nei de wapens dy't brûkt waarden troch de plysje. Om't dat de Nederlânske polityk einlings wekkerskodde, soe it ien fan 'e wichtichste mylpeallen wurde op 'e wei nei gelykberjochtiging fan 'e Westerlauwersk Fryske taal.

 
De taalsitewaasje yn Noard-Nederlân.

Yn dyselde tiid kaam der mank de Westerlauwerske Friezen in grutte emigraasjeweach op gong, wêrby't grutte oantallen fan harren emigrearren nei Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, de Feriene Steaten en oare lannen. Dy lju wiene op 'e siik nei in better libben of namen de wyk út eangst foar in mooglike nije oarloch mei de Sovjet-Uny. Oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw waarden de bannen tusken de Fryske diaspoara en it heitelân oanhelle ûnder it evenemint Simmer 2000.

Demografy en fersprieding

bewurkje seksje

Neffens in skatting dy't datearret út 2004 binne der sa'n 645.000 etnyske Westerlauwerske Friezen. Dêrby giet it net inkeld om Frysktaligen (600.000), mar ek om Stedfriezen (45.000). De measten dêrfan wenje yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân: 387.000, wêrfan 347.000 Frysktaligen en 40.000 Stedfriezen. Oare ynwenners fan 'e provinsje, lykas Nederlanners, Amelanners, Bilkerts en Nedersaksers yn 'e Stellingwerven en eastlik Kollumerlân wurde yn 'e regel net beskôge as etnyske Friezen. Bûten Fryslân is wol de Westerlauwersk Fryske minderheid yn 'e doarpen Mearum, De Wylp en De Grinzer Pein, krekt oer de grins yn 'e provinsje Grinslân, noch lânseigen. Oare Friezen, nei skatting wol 150.000 (en teminsten 5.000 Stedfriezen) hawwe har bûten it eigen folksgebiet yn oare dielen fan Nederlân fêstige; sokken neamd men Friezen om utens.

 
It logo fan 'e Ried fan de Fryske Beweging.

Dêropta is der ek bûten Nederlân noch in grutte diaspoara fan Westerlauwerske Friezen, besteande út lju dy't emigrearre binne nei oare lannen, benammen as ûnderdiel fan 'e grutte emigraasjeweach dy't plakfûn tusken de Twadde Wrâldoarloch en 1970-er jierren. It oantal fan sokke lju kin foarsichtich rûsd wurde tusken de 80.000 en 100.000, wêrfan't sa'n 30.000 yn Kanada wenje; sa'n 25.000 yn 'e Feriene Steaten, likernôch 17.000 yn Austraalje, ûngefear 12.000 yn Nij-Seelân en nochris sa'n 16.000 yn oare lannen. Dêrby giet it yn prinsipe inkeld om 'e earste generaasje fan sokke ymmigranten, want hoewol't harren neikommelingen wol fan Frysk komôf binne, sille dy har yn 'e measte gefallen net as Westerlauwerske Friezen identifisearje.

Politike status

bewurkje seksje

Maatskiplik wurde de Westerlauwerske Friezen fertsjintwurdige troch de Ried fan de Fryske Beweging (RFB), en op polityk mêd troch de Fryske Nasjonale Partij (FNP), dy't yn 1962 oprjochte waard. De Westerlauwerske Friezen binne sûnt 2005 yn Nederlân erkend as nasjonale minderheid ûnder it Kovenant foar de Fryske Taal en Kultuer, yn neifolging fan it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden fan 'e Ried fan Jeropa. Statistysk sjoen wurde de Westerlauwerske Friezen lykwols nuver genôch yn Nederlân net foar in aparte groep oanmurken. Wol hat it Westerlauwersk Frysk sûnt 1956 yn 'e provinsje Fryslân in offisjele status as 'twadde rykstaal', dy't gelyk is oan dy fan it Nederlânsk. In útwreiding dêrop waard yn 1995 by wet fêstlein. Fan gefolgen is it Westerlauwersk Frysk tsjintwurdich rjochtsjildich yn 'e rjochtspraak en as bestjoerstaal.

 
Skûtsjesilen.

De taal fan it meastepart fan 'e Westerlauwerske Friezen is it Westerlauwersk Frysk, ornaris koartwei it 'Frysk' neamd. Dizze taal heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen, en foarmet dêrbinnen de Fryske taalgroep mei it yn Dútslân sprutsen Noardfrysk en Sealterfrysk. Yn totaal hat it Westerlauwersk Frysk sa'n 600.000 sprekkers, en dêrmei is it fierwei de grutste Fryske taal. It hat yn 'e provinsje Fryslân in offisjele status dy't gelyk is oan dy fan it Nederlânsk. Hoewol't ûnheilsprofeten al lange tiid om it hoartsje it útstjerren fan it Westerlauwersk Frysk foarsizze, wurdt de taal tsjintwurdich op almar mear maatskiplike terreinen brûkt.

 
It stânbyld foar Gysbert Japiks yn Boalsert.

Histoarysk is it Westerlauwersk Frysk fuortkommen út it Aldfrysk, dat him fia it Midfrysk ta it Nijfrysk ûntwikkele hat. De Fryske literatuer hat nei de Midsiuwen lange tiid yn 'e lytse loege sitten, wêrby't inkeld de grutte dichter Gysbert Japiks (1603-1666) de skriuwtaal libben hold. Pas omtrint 1800 begûn men wer mear yn it Westerlauwersk Frysk te skriuwen, wêrby't benammen de bruorren Joast (1789-1869) en Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858) mei harren Rimen en Teltsjes in wichtige rol spilen. Yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw wiene it benammen dichters as Fedde Schurer (1898-1968) en Douwe Tamminga (1909-2002) en oersetters as G.A. Wumkes (1869-1954) en Douwe Kalma (1893-1953) dy't tige warber wiene foar it Westerlauwersk Frysk.

It moderne Westerlauwersk Frysk falt útinoar yn in fjouwertal grutte Fryske dialekten (it Klaaifrysk, it Wâldfrysk, it Súdwesthoeksk en it Noardhoeksk), dy't lykwols mar sa'n bytsje ferskille dat men suver better fan taalfarianten sprekke kin. Dêrnjonken besteane ek noch fjouwer lytse, sterk ôfwikende en tsjintwurdich slim yn har fuortbestean bedrige dialekten, dy't sprutsen wurde op 'e Waadeilannen (it Aastersk, it Skylgersk en it Skiermûntseagersk) en yn it lang tige isolearre havenstedsje Hylpen (it Hylpersk). In njoggende dialekt, it Molkwardersk, is yn 'e njoggentjinde iuw útstoarn. De Fryske standerttaal is fierhinne basearre op it Klaaifrysk en it Wâldfrysk, de beide grutste dialekten.

 
De dialekten fan it Westerlauwersk Frysk.

In minderheid fan 'e Westerlauwerske Friezen sprekt gjin Frysk, mar Stedsk (ek wol Stedfrysk neamd). Dat is de bekoepeljende beneaming foar de njoggen Hollânsk-Fryske mingdialekten dy't yn Westerlauwersk Fryslân sprutsen wurde yn sân stêden (Ljouwert, Snits, Frjentsjer, Harns, Boalsert, Dokkum en Starum) en de twa doarpen (It Hearrenfean en Kollum). De Stedske dialekten steane tichter by it Nederlânsk as by it Westerlauwersk Frysk en de namme 'Stedfrysk' is dan ek misliedend, om't it giet om Hollânske en net om Fryske dialekten.

De Westerlauwerske Friezen wenje yn in provinsje dy't 11 stêden en 410 doarpen omfiemet (hoewol't mar 350 doarpen Frysktalich binne). Nei ferhâlding mei oare etnyske groepen sille se relatyf justjes mear op it plattelân en wat minder yn 'e grutte plakken wenje. (Dy grutte plakken binne de 'âlde stêden' Ljouwert en Snits en de 'nije stêden', formeel eins doarpen, It Hearrenfean en Drachten.) Yn it ferline bestie dy twadieling tusken stêd en plattelân noch folle sterker as no. It is in útfloeisel fan it feit dat de Westerlauwerske Friezen lange tiid in befolkingsgroep fan it plattelân wiene, dat Fryske bisterassen lykas it Fryske hynder en de Fryske ko (tsjintwurdich de Holstein-Frisian) noch altyd min ofte mear as kultuerdragers beskôge wurde.

 
It Fryske hynder.

De Fryske kultuer omfiemet in stikmannich typysk Fryske sporten, lykas it skûtsjesilen, wêrby't men hurdsylt mei âlde frachtboaten. In oare karakteristike Fryske sport is it keatsen, in balspul dat inkeld yn 'e noardwestlike hoeke fan 'e provinsje beoefene wurdt, en dat elts jier syn hichtepunt belibbet yn 'e Freulepartij yn Wommels en de PC te Frjentsjer. Fierljeppen is in sport wêrby't men mei in lange stôk, in saneamde pols, sa fier mooglik oer in wetter besiket te springen. By ringriden moat men út in troch hynders lutsen sjeas wei ringstekke. Aaisykjen is ek in Fryske sport, wêrby't men by 't maityd it iepen fjild yn tsjocht om ljipaaien te sykjen. Troch de tebekgong fan 'e ljippestân en ûnder druk fan natoerbeskermingsorganisaasjes komt dizze tradysje lykwols almar mear yn 'e knipe.

Ek hurdriden nimt yn 'e Westerlauwersk Fryske kultuer in wichtich plak yn, al is dat in sport dy't yn hiel Nederlân populêr is. Ynternasjonale hurdrydwedstriden wurde gauris holden yn it iisstadion Thialf, op It Hearrenfean. Fan âlds wurdt winterdeis, as de Fryske binnenwetters tichtferzen binne, in 200 km lange Alvestêdetocht by de alve Fryske stêden lâns holden. Hoewol't it langer mar komselden mear fûlernôch friest om in Alvestêdetocht op redens te hâlden, organisearret men hjoed de dei ek Alvestêdetochten op 'e fyts (elts jier op Pinkstermoandei), te foet, mei de autopet, yn antike auto's, op trekkers, ensfh.

 
De PC, yn 2006.

Westerlauwerske Friezen meie ek graach toanielspylje; fan âlds hie suver elts doarp wol in toanielferiening. Ek tsjintwurdich wurdt dizze tradysje yn in soad plakken noch libben holden, wêrby't de measte oandacht útgiet nei de iepenloftspullen dy't simmerdeis op guon plakken holden wurde. Yn 'e media nimt de Westerlauwersk Fryske taal almeast in ûndergeskikt plak yn, benammen yn 'e parse. Op 'e radio en de tillefyzje is Omrop Fryslân wol allegeduerigen yn it Frysk aktyf, en benammen de simmerútstjoerings fan 'e PC, it Konkoers Hippyk Bûtenpost en it skûtsjesilen wurde tige goed besjoen en beharke.

Krekt as alle Germaanske folken hongen de Westerlauwerske Friezen fan oarsprong it Germaanske heidendom oan, spesifyk de Fryske foarm dêrfan. De Friezen waarden yn 'e achtste iuw fierhinne ûnder twang ta it kristendom brocht, wêrnei't se iuwenlang ta de Roomsk-Katolike Tsjerke hearden. Begjin sechstjinde iuw kaam dêr feroaring yn, doe't tsjerkeherfoarmers as Marten Luther en letter Jehannes Kalvyn yn Fryslân folgelingen wûnen. Ek de yn 't earstoan militante anabaptisten krigen oanhing mank de Westerlauwerske Friezen, mar de tsjerkeherfoarmer Minne Simens (1496-1561) wist dat leauwe om te foarmjen ta it pasifistyske en nei him ferneamde minnisme. Fan dy tiid ôf krigen de protestantske streamings ûnder de Westerlauwerske Friezen geandewei mear oanhing, útsein yn beskate doarpen, dy't folslein of foar in oansjenlik part roomsk bleaune, lykas Reahûs, Blauhûs en Dronryp.

 
De tsjerke fan Foudgum.

Der binne gjin boarnen oer de hjoeddeistige oanhing fan religyen mank de Westerlauwerske Friezen. Dêrom binne de ûndersteande sifers út 2013[1] fan tapassing op 'e provinsje Fryslân as gehiel (dus ynklusyf de ynwenners dy't gjin etnyske Friezen binne). Mear as 25,9% fan 'e befolking wie kristlik (mear as, want lytsere kristlike denominaasjes wurde yn dizze sifers mei oare lytsere godstsjinsten op ien bulte smiten ûnder it kopke 'oar'). Fan dy 25,9% hearde 12,3% ta de Protestantske Tsjerke yn Nederlân, 8,0% ta de Roomsk-Katolike Tsjerke en 5,6% ta de ferskate lytsere grifformearde tsjerken. Agnosten en ateïsten makken 54,2% fan 'e befolking út, moslims 1,2%, boedisten 0,2% en joaden en hindoes elts 0,1%. Alle oare godstsjinsten en denominaasjes kamen mei-inoar op 5,8%. Yn it ramt fan 'e Westerlauwerske Friezen kinne de net-kristlike godstsjinsten fierhinne bûten beskôging wurden litte. Ek sil dizze groep mooglik justjes mear de leauwige kant útskaaie, om't ferhâldingsgewiis mear Friezen op it plattelân wenje, dêr't de tsjerken relatyf mear oanhing hawwe as yn 'e grutte plakken.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. CBS, Godsdienstige Groepering naar Provincie, 2013


  NODES
mac 5
os 13