Wiisheid
Wiisheid (ek stavere as wysheid) of wizens is it fermogen om yn alle omstannichheden fan it deistich libben it juste te tinken en te dwaan. It wurdt yn 'e filosofy en godstsjinstfilosofy beskôge as in deugd (bgl. yn it kristendom en yn it boedisme). Wiisheid is opmakke út kennis, ûnderfining, ynsjoch en sûn ferstân. It wurdt ek assosjearre mei dingen as selskennis, ûnbefoaroardieldheid, etyk en begrutsjen. Neffens in bekend sprekwurd komt wiisheid mei de jierren; d.w.s. neigeraden dat men âlder wurdt, groeit jins wiisheid. Dat komt om't wiisheid sterk ôfhinklik is fan libbensûnderfining, dêr't men op jongere leeftyd noch net folle fan hat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |