Windtalkers is in Amerikaanske oarlochsfilm út 2002 ûnder rezjy fan John Woo, mei yn 'e haadrollen Nicolas Cage en Adam Beach. De titel betsjut "Wynpraters" en ferwiist nei de histoaryske Yndiaanske koadepraters dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch troch de Amerikanen ynset waarden om troch kommunikaasje yn harren eigen taal in foar de Japanners ûnbrekbere koade te brûken. It ferhaal folget in Navaho-koadeprater, Ben Yahzee, dy't keppele wurdt oan sersjant Joe Enders, in feteraan fan it Amerikaanske Marinierskorps. Wat Yahzee net wit, is dat Enders befel krigen hat om him (Yahzee) te deadzjen as it derop liket dat de Japanners him kriichsfinzen nimme sille. It moat nammentlik tsjin eltse priis foarkomd wurde dat de koade yn 'e hân fan 'e fijân falt. Windtalkers krige fan 'e filmkritisy mingde oant negative resinsjes en flopte yn 'e bioskopen, mar joech bekendheid oan 'e bydrage dy't Yndiaanske soldaten levere hawwe oan 'e oerwinning fan 'e Alliëarden yn 'e Twadde Wrâldoarloch.

Windtalkers
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur John Woo
produsint Terence Chang
Tracie Graham-Rice
Alison Rosenzweig
John Woo
senario Joe Batteer
John Rice
kamerarezjy Jeffrey L. Kimball
muzyk James Horner
filmstudio Lion Rock Productions
Metro-Goldwyn-Mayer
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer
spilers
haadrollen Nicolas Cage
Adam Beach
byrollen Christian Slater
Roger Willie
Mark Ruffalo
Noah Emmerich
Peter Stormare
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 14 juny 2002
foarm langspylfilm
sjenre oarlochsfilm
taal Ingelsk en Navaho
spyltiid 134 minuten
budget en resultaten
budget $115 miljoen
opbringst $77,6 miljoen

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch oerlibbet korporaal Joe Enders fan it Amerikaanske Marinierskorps ûnder de Salomonseilânske Kampanje yn 'e Stille Súdsee as iennichste fan syn peloton in konfrontaasje mei de Japanners. Hy rekket troch de ûntploffing fan in hângranaat ferwûne oan syn lofterear, wat sawol syn lykwicht as syn gehoar oantaast. Neitiid hat Enders te krijen mei in posttraumatyske stress-steuring en pakt er om mei skuldgefoelens om't hy it gefjocht oerlibbe hat en syn freonen net. Yn it sikehûs yn Hawaï bepraat er Rita, in ferpleechster dy't fereale op him is, om him te helpen mei falskspyljen by in gehoarstest, sadat er wer nei it front ta kin.

Enders wurdt befoardere ta sersjant en kriget mei sersjant Pete "Ox" Henderson in bysûndere nije opdracht. De beide mannen moatte as liifwacht fungearje foar twa koadepraters. Dat binne Yndianen fan it Navaho-folk, dy't radioberjochten ferstjoere yn it Navaho, in taal dy't foar de Japanners net nei te kommen is. It is in kryptografyske koade dy't ûnbrekber is om't der neat oan falt te brekken. Inkeld as in koadeprater libben yn 'e hannen fan 'e fijân falle soe en nei martelings de Japanners syn memmetaal leare soe, kin de fijân de koade "brekke". Enders en Ox krije dêrom yn it geheim it befel om derfoar te soargjen dat harren koadepraters nea kriichsfinzen nommen wurde en om se yn it uterste gefal sels te deadzjen om dat foar te kommen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Enders wurdt keppele oan Ben Yahzee, wylst Ox dy syn bêste freon Charlie Whitehorse op 'e noed kriget. De sitewaasje is foar net ien botte befredigjend. Enders en Ox fine it mar neat dat se no "babysitters" wurden binne, wylst Yahzee en Whitehorse yn 'e fierders hielendal blanke kompanjy te lijen hawwe ûnder diskriminaasje, yn 't bysûnder fan 'e rasistyske marinier Chick Clusters. Ek de ferskrikkings fan it slachfjild komme as in skok foar harren. Ox en Whitehorse reitsje al rillegau befreone, mei't se allebeide grutte leafhawwers fan muzyk binne. Enders en Yahzee hawwe ek dingen gemien, lykas harren roomske opfieding, mar Enders besiket ôfstân tusken him en Yahzee te hâlden foar it gefal dat er de man deameitsje moatte sil.

De kompanjy wurdt ûnder de Marianenkampanje ynset yn 'e Slach om Saipan op it eilân Saipan yn 'e Noardlike Marianen. It Amerikaanske Marinierskorps fiert dêr in lâningsoperaasje út. Yahzee en Whitehorse soargje der fia in radioferbining mei in Navaho-marinier op in slachskip fan 'e Amerikaanske Marine, dat foar de kust leit, foar dat de Japanske kanonnen útskeakele wurde. Dat dogge se troch de geografyske koördinaten fan 'e fijannige posysjes troch te jaan, sadat dy bombardearre wurde kinne mei it swiere skipsgeskut. Nei't der op 'e kust fan it eilân in brêgehaad fêstige is, wurdt harren kompanjy foar militêre ferkenning foar de Amerikaanske haadmacht út stjoerd. Dêrby komme se ûnder freonlik fjoer te lizzen fan 'e kanonnen fan it Marinierskorps sels. De radio fan Yahzee rekket by de besjitting stikken en de kompanjy komt fêst te sitten tusken de Japanske liny en de eigen artillery.

Om't Chick earder Yahzee foar in Japanner útskeld hat, falt Yahzee it idee yn om it militêr unifoarm fan in deade Japanske soldaat oan te dwaan en gewoan nei de Japanske liny ta te rinnen om dêr in radio te sykjen. Enders giet mei as de "kriichsfinzene" fan Yahzee. De beide mannen witte mei súkses de Japanske liny te ynfiltrearjen, fine in radiopost en nimme dy oer. Yahzee siket kontakt mei de Amerikaanske kommandopost, lit it freonlik fjoer ophâlde en jout de korrekte koördinaten fan 'e Japanske stellings troch. Hy en Enders witte krekt op 'e tiid te ûntkommen foar't de Japanske liny platbombardearre wurdt troch it Amerikaanske geskut. Enders kriget letter in Silver Star-medalje taparte foar syn heldemoed, mar de bydrage fan Yahzee wurdt negearre, ek nei't Enders dêrtsjin by syn superieuren protestearret, om't er ommers mar in Yndiaan is.

De Amerikaanske opmars oer Saipan bringt de kompanjy nei it doarp Tanapag, dat bewenne wurdt troch de lânseigen befolking fan 'e Marianen, de Sjamorro. De kompanjy bringt yn it doarp de nacht troch, mar Yahzee wurdt fuortroppen nei de kommandopost om dêr te hantlangjen by it ferstjoeren fan berjochten. Hy en Enders binne geandewei mear befreone rekke, en Enders sit deroer yn noed oft er Yahzee noch wol deadzje kin as de need oan 'e man komt. Hy freget dêrom en wurdt út syn post ûntheft, mar dat wurdt him wegere. Ier de oare moarns wurdt Tanapag oanfallen troch Japanske ynfantery. Whitehorse rêdt it libben fan Chick, dy't neitiid berou kriget fan syn rasisme. Ox en Whitehorse wurde lykwols ynsletten troch de Japanners. Ox rekket dea ear't er Whitehorse deadzje kin, en Whitehorse wurdt troch de Japanners oermastere en fuortsleept. Enders is twongen om in hângranaat te smiten dêr't er it hiele groepke mei deadet: de Japanners sawol as Whitehorse.

Wannear't Yahzee út 'e kommandopost weromkeart, is de oanfal al ôfslein. Hy sit der raar ta as er fan 'e dea fa Whitehorse heart, en wannear't Enders him fertelt dat hy dejinge is dy't Whitehorse deade hat, liedt dat ta in konfrontaasje wêrby't Yahzee Enders driget dea te sjitten, mar troch de oare leden fan 'e kompanjy oermastere wurdt foar't er dat dwaan kin. It foarfal liedt ta in bliuwende ferwidering tusken Enders en Yahzee.

Tsjin 'e ein fan 'e Slach om Saipan tsjogge de Amerikanen op nei it lêste Japanske bolwurk op it eilân, by de berch de Tapochau, oan 'e noardkust. De kompanjy fan Enders en Yahzee wurdt op 'e nij foar de haadmacht út stjoerd, mar rint midden yn in minefjild yn in mûklaach fan 'e Japanners. Inkeld Enders, Yahzee, Pappas en Chick oerlibje it gefjocht en sykje beskûl op in heuvelrêch. Dêrwei sjogge se hoe't de ferburgen opstelde Japanske kanonnen de langrutsen kolonne fan it optsjende Amerikaanske Marinierskorps ûnder fjoer nimme. Yahzee is by de eardere konfrontaasje lykwols syn radio kwytrekke. Hy en Enders witte it ding wer op te fandeljen, mar reitsje dêrby allebeide ferwûne. Yahzee ropt stipe yn foar de mariniers. Dy arrivearret yn 'e foarm fan in pear Amerikaanske bommesmiters dy't handich ôfweve mei de Japanske kanonnen.

Underwilens wurde Enders en Yahzee hast ûnder de foet rûn troch de Japanske ynfantery. Yahzee begrypt no einlings en te'n lêsten wêrom't Enders syn maat Whitehorse deadzje moast en freget him om no foar him itselde te dwaan. Mar Enders is wisberet dat er net op 'e nij al syn manskippen kwytreitsje sil. Dat hy draacht Yahzee, dy't net mear rinne kin, nei feilichheid ta troch in rein fan Japanske kûgels hinne. Sels rekket er dêrby fataal ferwûne, en net folle letter stjert er yn it bywêzen fan Yahzee. Omreden fan syn ferwûnings kriget Yahzee earfol ûntslach út militêre tsjinst en wurdt er nei hûs ta stjoerd, yn Arizona, dêr't syn frou en soan, in pjut noch, op him wachtsje. Letter nimt er yn 'e wyldernis by in tradisjoneel Navaho-ritueel ôfskie fan syn freon Enders, dy't er nea ferjitte sil.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Nicolas Cage.
 
Adam Beach.
haadrollen
personaazje                         akteur/aktrise
sersjant Joe Enders Nicolas Cage
marinier Ben Yahzee Adam Beach


byrollen
personaazje akteur/aktrise
sersjant Pete "Ox" Henderson Christian Slater
marinier Charlie Whitehorse Roger Willie
korporaal Milo Pappas Mark Ruffalo
marinier Charles "Chick" Clusters Noah Emmerich
sersjant-majoar Richard Hjelmsted Peter Stormare
marinier Andrew Harrigan Brian Van Holt
marinier Thomas Nellie Martin Henderson
ferpleechster Rita Frances O'Connor
sersjant yn Kamp Tarawa Scott Atkinson
majoar Melitz Jason Isaacs

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Windtalkers waard regissearre troch de Hongkongske filmmakker John Woo nei in senario fan Joe Batteer en John Rice. As produsinten wiene Woo, Terence Chang, Tracie Graham-Rice en Alison Rosenzweig by it projekt belutsen foar de filmstudio's Lion Rock Productions en Metro-Goldwyn-Mayer. Foar de film wie in budget beskikber fan $115 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jeffrey L. Kimball, en de filmmuzyk waard fersoarge troch James Horner.

De opnamen foar Windtalkers fûnen mids 2001 plak. Der waard benammen filme yn Hawaï, dat behalven foar dy eilannegroep sels ek trochgean moast foar de Salomonseilannen en de Noardlike Marianen. Ien fan 'e wichtichste filmlokaasjes wie de Kualoa Ranch op it Hawaïaanske eilân Oähû, dêr't ek de science fiction-film Jurassic Park en de tillefyzjesearje Lost opnommen waarden. Om oan figuranten te kommen dy't op oertsjûgjende wize mariniers delsette koene, rekrutearren de produsinten fan 'e film echte mariniers en oare Amerikaanske militêren op ûnderskate militêre bases yn Hawaï. De F6F Hellcat-jachtfleanmasines yn 'e film binne gjin echte fleantugen mar kompjûtergenerearre ferzjes. Behalven yn Hawaï waard der foar Windtalkers ek filme yn Kalifornje en yn Monument Valley (Utah).

 
De Kualoa Ranch op it Hawaïaanske eilân Oähû, dêr't Windtalkers foar it meastepart filme waard.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Windtalkers waard fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer. De film gie op 14 juny 2002 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. De bioskoopferzje hie in lingte fan 134 minuten. Letter waard der ek in director's cut fan 'e film útbrocht mei in lingte fan 153 minuten. It ferskil wurdt fierhinne opmakke troch gewelddiedigere en bluodderigere (en langere) gefjochtssênes.

Fan 'e filmkritisy krige Windtalkers mingde oant negative resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 2 fan 4 stjerren. Hy skreau dat de filmmakkers it opmerklike ferhaal fan 'e Yndiaanske koadepraters "begroeven hawwe ûnder slachfjildklisjees, wylst de plot útgiet fan in blank personaazje spile troch Nicolas Cage". Yn it tydskrift Variety neamde Robert Koehler it ferhaal fan 'e koadepraters "in krêftich útgongspunt, dêr't in koppich ûnoangripende, ûnorizjinele oarlochsfilm fan makke is".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Windtalkers in leech goedkarringspersintaazje fan 33%, basearre op 166 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De aksjesênes binne knaphandich staljûn. [De film] giet lykwols te sink oan tefolle klisjees en giet mar oerflakkich yn op it ferhaal fan 'e koadepraters." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Windtalkers in goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 35 resinsjes.

Windtalkers brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $41 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $36,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $77,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $115 miljoen betsjut dat in ferlies fan $37,4 miljoen, dêr't de marketingkosten noch by opteld wurde moatte.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES
INTERN 1