Woastyn fan Judeä

De Woastyn fan Judeä (Hebriuwsk: מדבר יהודה-Midbar Jehoeda) is in topografyske woastyn yn it súdlik part fan Israel en it Westjordaanlân. It gebiet leit yn it reinskaad fan it Judeäberchtme sadat dêr mar in bytsje delslach is. Dy tastân ferskilt mei de oanswettende Negev-woastyn dêr't it bytsje fral delslach taskreaun wurde moat oan de legere breedteline dêr't dy woastyn op leit.

De Woastyn fan Judeä
De Nahal Darga kleau

Jeruzalem leit oan de râne fan de woastyn. Bewesten de stêd is it grien, eastlik is de woastyn dy't ôfrint nei de Deade See.

De Woastyn fan Judeä hat in oantal oazes, de meast bekenden binne Jericho en Ein Gedi. Ek it fort Massada leit yn dizze woastyn, dyt trochsnien wurdt troch tal fan wady's, fan it noardeasten nei it suden, en ek in protte djippe canyons.

Judea Group Aquifer

bewurkje seksje

In stúdzje fan in ûnderierdsk wetterreservoir yn de Woastyn fan Judeä, it saneamde Judea Group Aquifer, troch de Hebriuwske Universiteit fan Jerusalem, hat útwiisd dat dy wetterstream yn it Judeeske berchtme begjint en nei it noardeasten rint nei de Deade See, mei útrinners nei de boarnen fan Tsukim, Kane, Samar en Ein-Gedi. It troch reinwetter fieden reservoir hat in trochsneed ynhâld it jier fan sa'n 100 miljoen m³.[1]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. There's Water Under the Desert -- But It's Hardly Being Used
  NODES