Wolhynje (Oekraynsk: Волинь, Poalsk: Wołyń; Volyn; Russysk: Волынь, Volyn) is in histoarysk gebiet yn it west fan 'e Oekraïne. De Oekraynske oblast Wolyn omfiemet mar in diel fan it histoaryske Wolhynje, dêr ek gebieten fan Poalen en Wyt-Ruslân ta hearden.

Lokaasje fan Wolhynje (giel) yn 'e Oekraïne

It gebiet soe syn namme krigen ha fan de boarch Wolyn, dy't yn de 11e iuw foar it lêst neamd waard en westlik fan de Bûg by Volodymyr stie. De boarch soe it sintrum west ha fan de East-Slavyske stamme fan 'e Wolhynjers .

De namme Lodomearje yn 'e namme fan it Eastenrykske kroanlân Keninkryk Galysje en Lodomearje is in latinisearre foarm fan de stedsnamme Volodymyr.

 
De Untsliepeniskatedraal fan Volodymyr út 11054-1160

Sûnt de 9e iuw wie de krite diel fan de Kiëvske Rûs; wichtige sintra yn it ryk wiene de stêden Halytsj en Volodymyr. Mei de dea fan Jarosvlav de Wize (1019–1054) waard it diel fan de Kiëvske Rûs dêr't er oer hearske ûnder syn fiif soannen ferdield. Ien fan dy foarstedommen waard Wolhynje mei as haadstêd Volodymyr.

 
Kiëvske Rûs yn 1237

Yn 'e 12e iuw hearsken de Rjoerikiden oer Wolhynje. De Wolhynster foarst Roman de Grutte krige yn 1199 it oanbuorjende foarstedom Galysje en de beide gebieten soene dêrnei as Galysje-Wolhynje in machtich ryk wurde. Lykas oare East-Slavyske foarstedommen moast ek syn ryk him ûnder de hearskippij fan de Mongoalen deljaan, mar folle losser as de rest fan it ryk. Tagelyk waarden nauwe relaasjes oangien mei lannen yn Sintraal-Europa. Dat betsjutte konflikten mei Poalen en Hongarije, mar oan de oare kant ek kontakten yn 'e hannel, polityk en kultuer.

Galysje en Wolhynje

bewurkje seksje

De stêden fan Galysje en Wolhynje spilen in grutte rol yn 'e bloei fan it gebiet. Fan 'e nije stedsstiftingen wiene Chełm en Lviv de wichtichste. Lykas Poalske en Hongaarske hearskers hellen ek de foarst Danilo en syn opfolgers Dútske keaplju en ambachtsfolk nei syn lân, dy't al gau in wichtich diel fan de boppelaach fan de stedsbefolking foarmen. Ek Armeenjers en migranten út oare gebieten fan it Ryk setten harren yn it westen nei it wenjen, sadat in soad stêden in multykulturele befolking krige.

Diel fan Poalen en Litouwen

bewurkje seksje

Yn it jier 1323 stoar de hearksjende dynasty út en de omkesizzer fan de lêste foarst, Bolesław fan Mazoovje (1310-1340), waard de nije hearsker fan it foarstedom Galysje-Wolhynje. Hy wie sawol oan de Poalske as ek oan de Litouske hearskers fan it Grutfoarstedom Litouwen besibbe. Mei't Bolesław yn 1340 fanwegen it fermiende foarlûken fan katoliken troch syn bojaren fergiftige waard, briek der tusken de beide opkommende East-Europeeske grutmachten Litouwen en Poalen in striid út om it erfskip fan Galysje-Wolhynje.

Uny fan Poalen-Litouwen (1385-1386)

bewurkje seksje

It jier fan de Poalsk-Litouske Uny bestjutte in kearpunt foar Wolhynje. De Litousk (en noch heidenske) grutfoarst Jagajlo (1351–1434) boaske mei kroanprinsesse Hedwig fan Poalen (1373-1399) en lei dêrmei it fûnemint fan de Poalsk-Litouske Uny. Tagelyk naam Jagajlo it roomske leauwe oan. Foar de Litouske befolking betsjutte dat ek in bekearing ta it katolisisme, mar de East-Slaven (en dus ek de Wolhynjers) mochten trou oan 'e otterdoksy bliuwe. Jagajlo oermastere yn 1387 Galysje wer op Hongarije werom en koe yn 1410 de Dútske Oarder by Tannenberg in beslissende slach tabringe.

De Poalsk-Litouske Uny bestjutte lykwols net de ûndergong fan it Grutfoarstedom Litouwen, dêr't ek Wolhynje ûnder foel. Oant fier yn de 15e iuw bleau it in selsstannige grutmacht. Under grutfoarst Vytautas (1392–1430) belibbe Litouwen in hichtepunt fan syn macht; hy besocht it bewâld te sintralilsearjen en de Oekraynske foarstedommen en Wolhynje fierder te yntegrearjen, wêrby't de tradisjonele tolerânsje yn 'e kultuer en godstsjinst bewarre bleau.

Yn it Grutfoarstedom Litouwen waarden de privileezjes fan de Poalske adel ynearsten allinne oan katoliken jûn, sadat in soad eallju harren bekearden ta it katolisisme. Dat jilde benammen foar Litouwen, yn de Oekraynske foarstedommen en yn Wolhynje bleau oant healwei de 16e iuw in brede laach fan de adel harren âlde otterdokse leauwe trou.

Sûnt 1569 foarmen Poalen en Litouwen ien steat, wêryn't Wolhynje in provinsje of woiwodskip waard mei as haadstêd Lûtsk (Łuck). Dat woiwodskip soe oant 1795 bestean bliuwe.

Russyske Ryk

bewurkje seksje
 
Poalske dielingen

Yn it ramt fan it ferparten fan Poalen-Litouwen troch Prusen, Eastenryk en Ruslân waard Wolhynje yn in eastlik en westlik diel ferdield. It eastlike diel foel yn 1793 mei de Earste Dieling fan Poalen ta oan Ruslân. It west fan Wolhynje kaam mei de Tredde Dieling fan Poalen yn 1795 Ruslân ta.

 
Boerefamylje yn Wolhynje

Troch it ôfskaffen fan de liifeigendom troch de Russyske tsaar yn 1861 ûntstie der yn Wolhynje in grut tekoart oan arbeidskrêften. De boppelaach koe harren wurklju net mear betelje en ferkochten harren lân. Der wennen al wat Dútsers yn Wolhynje, mar it frijkommen fan lân brocht in grutte migraasje fan Dútsers op gong. Ut Eastenryk-Hongarije ferhûzen 16.000 Tsjechen nei it grinsgebiet mei Ruslân , dy't dêr de hopkultuer yntrodusearren.

 
In Dútske delsetting yn Wolhynje

Yn 'e rin fan de Earste Wrâldkriich waard fan 5 oant 15 july 1915 de Dútske mienskip fan Wolhynje fan sa'n 240.000 minsken twongen te ferhûzjen nei plakken lykas Sibearje. De Dútsers mochten nei ôfrin fan de oarloch werom komme nei Wolhynje, mar likernôch de helte makke dêr gebrûk fan.

 
Horodok, in Oekraynsk doarp (1900)

Wolhynje waard yn 1921 tusken it nije Poalen (it westlike diel) en de Oekraynske Sosjalistyske Sovjetrepublyk (it eastlike diel) ferdield. Yn Poalen foarme Wolhynje op 'e nij in bestjoerlike ienheid.

Twadde Wrâldoarloch en folkemoard

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Moardnerij yn Wolhynje en East-Galysje.

As gefolch fan de opdieling fan Poalen yn it ramt fan it troch Hitler en Stalin oerienkommen Molotov-Ribbentroppakt, waard yn septimber 1939 ek it westlike diel fan Wolhynje steatsgebiet fan de Sovjet-Uny. De doe noch oanwêzige Dútske befolking fan likernôch 65.000 persoanen yn it Poalske diel fan Wolhynje waard mei it omfolkingsprogramma Heim ins Reich foar it grutste part nei it Ryksgoa Wartheland ferhûze.

Yn de Twadde Wrâldoarloch wie it gebiet tsjûge fan in slimme ferfolging ûnder de joadske en Poalske ynwenners. Sûnt 1921 broeide it al in skoft yn it gebiet troch oanslaggen fan Oekraynske nasjonalisten. Nei't hja ynearsten meiwurken mei de Russyske besetter kollaborearren de Oekraynske nasjonalisten dêrnei mei de Dútske besetter. Mei stipe fan in diel fan de Oekraynske befolking fierden hja ûnder de eagen fan de Wehrmacht in genoside út op de Poalske befolking fan Wolhynje en Galysje. Ek holpen hja by it útmoardzjen fan de joadske mienskip. Sels de lytse Tsjechyske minderheid hie slim ûnder de ferfolging te lijen.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard it grutste diel fan Wolhynje by de Oekraynske Sosjalistyske Sovjetrepublyk foege. De Poalen dy't de moardnerij oerlibbe hiene waarden ferdreaun.

Sûnt 1992 heart Wolhynje foar it grutste part by de Oekraïne, wêr't it gebiet yn de oblasten Wolyn, Rivne en Zjytomyr opdield is, en in lytser diel by Wyt-Ruslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Weblinks en/of Einzelnachweise, op dizze side.


  NODES
Done 1