In wurdlid of syllabe is de minimale ienheid op it mêd fan 'e oardering fan in rige spraaklûden, dy't benammen brûkt wurde om (in gefoel fan) ritme yn it ferskynsel spraak yn te bringen. In wurdlid bestiet ornaris út in ferplichte kearn (meastal in fokaal), mei oan wjerskanten dêrfan ien of mear opsjonele tafoegings (hast altyd konsonanten). De ferdieling fan in wurd yn ûnderskate wurdlidden, hjit fan syllabifikaasje. Dêrby wurdt in wurdsegmint dat as de kearn fan in wurdlid tsjinje kin, omskreaun as syllabysk.

Om in foarbyld te jaan, is yn it wurdlid /bad/ de /a/ dus de kearn, wylst de /b/ en de /d/ de tafoegings binne. Om 'e betsjutting fan it wurd fêst te hâlden, binne fansels alle trije nedich, mar poer taalkundich sjoen binne /ba/, /ad/ en /a/ like goede wurdlidden. Inkeld de /a/ is ûnmisber, want /b/, /d/ en /bd/ binne gjin wurdlidden. Soms kinne konsonanten lykwols wol deeglik op harsels in wurdlid foarmje, al wurdt dat sa oer it algemien net skreaun. Tink mar oan it wurd "bûten", dêr't yn it sprutsen Frysk de "e" eins ûnhearber is; der wurdt eins "bût-n" sein. Yn sokke gefallen is de /n/ dus syllabysk. Itselde soe sein wurde kinne fan 'e /r/ yn "bûter" en fan 'e /l/ yn "beitel". It proses wêrby't de útspraak ferskoot fan in wurdlid mei in fokaal as kearn nei in syllabyske konsonant wurdt syllabisearring neamd.

Strukturele klassifikaasjes diele wurdlidden ek op yn in saneamde oanset (of onset) en in rym, of yn in oanset, in klimaks (of peak) en in koda (of coda). Om in foarbyld te jaan, by it wurd /kar/ is de /k/ de oanset, de /a/ de klimaks, de /r/ de koda en /ar/ it rym, dat nammentlik rymt op wurden as /mar/, /nar/ en /par/.

In wurdlid dat einiget op in fokaal, lykas "do", is in iepen wurdlid; in wurdlid dat einiget op in konsonant, lykas "dom", is in sletten wurdlid. Dat ferskil is foar in protte talen fan ûnderskiedend belang by de stavering. Sa betsjut yn it Frysk it wurd "mat-ten" (mei in sletten wurdlid) hiel wat oars as it wurd "ma-ten" (mei in iepen wurdlid).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 328.
  NODES
os 2