In wurkhûs is in tuskenfoarm fan earmhuzen oan de iene kant en tichthuzen oan de oare kant. Der wie in ferplichting om te arbeidzjen foar minsken dy't earm wienen en teffens sûnder wurk sieten. It prinsipe fan de wurkferskaffing en dêrtroch kostwinning leit yn de namme fan it 17e iuwske gestichtstype opsluten: Tucht- én Wurkhûs.

Soks barde pas op basis fan frijwillichheid fan oanbelangjende yn de 18e en 19e iuwske wurkhuzen of 'wurkynrjochtingen foar earmen.' Guon Fryske earmhuzen wienen tagelyk wurkhuzen wylst de spinhuzen fan Warkum, Boalsert, Snits en Harns dat type it suverst fertsjintwurdigen, yn tsjinstelling mei it Hollânske 'spinhuis' dat in frouljusfinzenis wie. Mar it Ljouwerter tichthûs wie wol in echt wurkhûs.

't wandeld zo plaisierig in 't voorjaar, als de boomen zo lief gaan worden. . . . exept na 't werkhuis. In frou wurdt troch twa beämbten nei it wurkhûs brocht. Tekening fan Christiaan Andriessen, 1806

Yn Frjentsjer wie it earmhûs teffens wurkhûs 'om allerlei handwerken in te oefenen'.
Yn Harns krige it wurkhûs by de oprjochting daliks al de namme fan spinhûs, spinfabryk en katoen- en himpspinnerij, dêr't ek bern en âldere minderjierrigen dy't oars bidlen, yn te wurk steld waarden 'om tot de gewoonte van een eerlijke arbeid, opgeleid te worden.'
Yn Boalsert hiet it wurkhûs 'wurk- of spinhûs'; it bestie fan 1796-1870.
Yn Ljouwert wie soksoarte inisjatyf al earder nomd troch de oprjochting fan it stedswurkhûs oan de Hoek, dêr't ek it spinnen de foarnaamste arbeid wie oant der yn 1715 ek in sideweverij yn ûnderbrocht waard. Alles foar wurkferskaffing, yn leanarbeid en ta bestriding fan bidlerij.
Sels yn doarpen as It Hearrenfean en Balk wienen foar 1700 al spinhuzen of wurkhuzen. Yn 1834 waard it Ljouwerter Wurkhûs ferboud en útwreide foar teminsten 200 persoanen dy't dêr spinne, weve en oare arbeid dwaan koene.
Yn Snits waard it dêr yn 1746 oan it Suurend oprjochte Stêdsspinhûs ek troch spinbazen eksploitearre. Earst waard der seildoeksjern spûn; yn 1749 waard oan bûnt- en boezelreders frege om de wollen jernsoarten yn it spinhûs spinne te litten.
Yn Warkum is yn 1757 de gasthûstsjerke ta spinhûs en stedspakhûs ferboud.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  NODES
Done 1